50 plussers slane wer omraak!

22-02-2023 11:54
Der moast in pear kear in par, birdy of op syn minst in bogey slein wurde om yn de top te einigjen op de senioarewedstryd fan 13 febrewaris. De 27 fyftichplussers, of better: sechstichplussers, wiene kreas yndield yn ploechjes fan fjouwer of trije. Op Oost lei de baan der prima by en it waar koe wol minder. Ik koe myn teamgenoaten net en dat wie omkeard ek sa. Dat is altyd in aardich momint, sa krekt foar alven: soe dat har wêze? Is dat him? Tusken de slaggen troch leare je elkoar dan wat better kennen: wêr wennesto en hoe lang spilest al golf? Se hjitte Ineke, Annemarieke en Gerrit. Yn ‘e kunde komme mei leden fan ‘e klub is in tige aardige bykomstichheid fan sa’n wedstryd. It is Annemarieke har earste wedstryd, om’t sy noch net hiel lang lid is, eins noch mar krekt yn Fryslân wennet. Wy prate safolle mooglik Frysk, om’t sy de taal graach leare wol. 
Geandewei docht bliken dat wy inoar yn it spul treflik oanfolje. Elk fan ús is op slach en draacht by oan it risseltaat. En geandewei konstateare wy dat it mar bêst giet. Okee, gjin birdies, mar wol trije kear in par. En dat smyt punten op.
Om’t wy as team 1 de baan yn mochten, moatte wy by oankomst fansels oardel oere wachtsje. Mar dat dogge wy mei de ferwachting dat wy grif yn ‘e prizen falle sille: 23 punten is in treflike skoare. As Jelte alles ferwurke hat docht bliken dat wy as earste einige binne. Hoera! Ik moat eefkes de teloarstelling ferwurkje dat der gjin prizen útdield wurde. (Ja, ek sechstichplusers hâlde fan pryskes.) Fansels, hiel slim is it net, mar sa faak wurde jo net earste en dan mei wat leuks thús komme is altyd aardich, al soe it mar in fleske wyn wêze. 
Mei tank oan myn teamgenoaten, draach ik dit Frysktalige stikje tekst op oan Annemarieke – fergees in Frysk leske!
 
Jelle Bangma
 
50-plussers slaan weer geducht!
Er moest een paar keer een par, birdy of tenminste een bogey geslagen worden om in de top te eindigen op de seniorenwedstrijd van 13 februari. De 27 vijftigplussers, of beter: zestigplussers, waren keurig ingedeeld in teams van vier of drie. Op Oost lag de baan er prima bij en het weer kon slechter. Ik kende mijn teamgenoten niet en dat was omgekeerd ook het geval. Dat is altijd een leuk moment, zo net voor elf: zou zij dat wezen? Is dat hem? Tussen de slagen door leer je elkaar dan wat beter kennen: waar woon je en hoelang speel je al golf? Zij heten Ineke, Annemarieke en Gerrit. Kennismaken met leden van de club is een leuke bijkomstigheid van zo’n wedstrijd. Het is Annemariekes eerste wedstrijd, omdat nog niet zo lang lid is, eigenlijk nog maar net in Friesland woont. Wij spreken zoveel mogelijk Fries, omdat zij de taal graag wil leren.
Langzamerhand blijkt dat wij in het spel elkaar voortreffelijk aanvullen. Ieder van ons slaat goed en draagt bij aan het resultaat. En ondertussen stellen wij vast dat het maar best gaat. Oké, geen birdies, maar wel driemaal een par. En dat levert punten op.
Omdat wij als team 1 de baan in mochten, moeten wij bij aankomst natuurlijk anderhalf uur wachten. Maar dat doen wij met de verwachting dat wij zeker in de prijzen zullen vallen: 23 punten is een voortreffelijke score. Wanneer Jelte alles heeft verwerkt blijkt dat wij als eerste zijn geëindigd. Hoera! Ik moet wel even de teleurstelling verwerken dat er geen prijzen worden uitgedeeld. Ja, ook zestigplussers houden van prijsjes.) Natuurlijk is het niet erg, maar zo vaak word je niet eerste en dan met wat leuks thuiskomen is altijd Leuk, al zou het maar in flesje wijn zijn.
Met dank aan mijn teamgenoten, draag ik dit Friestalige stukje op aan Annemarieke – gratis een Fries lesje!
 
Jelle Bangma
Meer nieuws

ONZE SPONSOREN